Mantgumer peloteteam lit Winsum swemme
Mantgum moast foar de pelotekompetysje noch ien wedstriid spylje en de tsjinstanner wie it sterke team fan Easterein. Foar Winsum wie it wichtich dat Mantgum wûn en hja dagen it Mantgumer fiiftal út om harren best te dwaan tsjin de mannen út Easterein. It resultearre lang om let yn in weddenskip mei as ynset dat as de Mantgumers ferlearen sy yn de Boalserter feart swimme moasten fan Easterlittens nei Winsum. As de Mantgumers winne soenen dan moasten de Winsumers swimme fan Winsum nei Easterlittens. De pelotewedstriid fûn plak op in prachtige simmerjûn op it sportfjild yn Mantgum. De foartekens foar Mantgum wienen net sa best want twa spilers, Skelte Anema en Jehannes de Jong, wienen op fakânsje. Mar de ferfanging troch Bouwe de Bruin en Jan Heida koe besjen leie. It pelote team fan Easterein hie trije selekteare spilers yn harren team en wie op foarhân favoryt. Mar pelote is noch mear as keatsen in tûk spultsje en mei as grutte meastro Sjirk Gjalt de Groot gie it Mantgumer fiiftal fol fleur de striid oan. Mei Sjirk-Gjalt op trije en Wilco Fopma op fjouwer wie de ploech goed yn balâns. Beide mannen krigen in protte wurk te dwaan, mar lieten geweldich spel sjen. Mooglik hat Sjirk Gjalt in hekel oan swimmen, want hy sloech as yn syn jonge jierren. De iene nei de oare bal gie fleanend oer de boppe. Bouwe de Bruin liet noch eefkes sjen dat er in geweldige swipe yn de earm hat, troch de bal hast oer it perk hinne op te slaan. Tel der it degelike (tusken)spul fan Jan Heida en Jan-Geert Nutma by op en de winst fan 10-4 is ferklearre. In delegaasje fan it Winsumer pelote-team wie oanwêzich en waard nei ôfrin fuort en daliks útdage om mar efkes te oefenjen yn de Mantgumer feart. Mooglik sitte der noch mear sokke weddenskippen yn. Wat te tinken fan Weidum – Mantgum fia de Swette of Baard –Jorwerd fia de Jaanfeart? En ek de feart Wiuwert/Britswerd - Easterlittens is in opsje. Soe de keatserij yn de haadklasse ek net wat ynteressanter (en better) wurde as der mear fan sokke (ludike) weddenskippen ôfslúten waarden?
Geplaatst op 26 August 2009